settings icon
share icon
Antwurd


Wat is it plan fan rêding / manier fan rêding?

Fraach


Binne jo hongerich? Net lichaamlik hongerich, mar hawwe jo honger foar iets mear yn ‘t libben? Is der iets djip binnenyn jo dat noait tefreden skynt te wêzen? As dat sa is, dan is Jezus de wei! Jezus sei, “Ik bin de bôle fan it libben. Hy dy ta my komt sil noait hongerich wêze, en hy dy yn my leauwt sil nooit toarstich wêze” (Jehannes 6:35).

Binne jo yn ‘e war? Liket it erop dat jo noait in wei of in doel yn it libben kinne fine? Liket it erop dat guon it ljocht útdien ha en jo it skeakelknopke net fine kinne? As dat sa is, dan is Jezus de wei! Jezus stelde, “Ik bin it ljocht dan de wrâld. Wa my folget sil noait yn it tjuster wannelje, mar sil it ljocht fan it libben ha” (Jehannes 8:12).

Ha jo wol ris it gefûl dat jo fan it libben útsluten binne? Ha jo sa folle doaren besocht, om allinne mar út te fine dat derefter allinne mar leechte en betekenisleasheid is? Sykje jo foar in yngong nei in betekenisfol libben? As dat sa is, dan is Jezus de wei! Jezus ferklearre, “Ik bin de poarte; wa troch my binnengjit sol rêde wurde. Hy sil binnenkomme en útgean, en in weilân fine ” (Jehannes 10:9).

Litte oaren jo altiid yn ‘e steek? Wieren jo relaasjes opperflakkich en leech? Liket it derop dat oaren altiid misbrûk fan jo meitsje? As dat sa is, dan is Jezus de wei! Jezus sei, “Ik bin de goede harder. De goede harder jouwt syn libben foar syn skiep. Ik bin de goede harder; Ik kin myn skiep en myn skiep kint My” (Jehannes 10:11, 14).

Freegje jo jo ôf wat er nei dit libben bart? Binne jo warrich om jo libben te libjen foar dingen die allinne mar rotsje of ruste? Twivelje jo soms of it libben einliks heulendal wol betekenis hat? Wolle jo nei de dea noch libje? As dat sa is, dan is Jezus de wei! Jezus stelde, “Ik bin de opstânning en it libben. Hy dy yn My leauwt sil libje, sels as hy deagiet; en wa ‘t libbet en yn My leauwt sil noait deagean” (Jehannes 11:25-26).

Wat is de wei? Wat is de wierhied? Wat is it libben? Jezus antwurde, “Ik bin de wei en de wierhied en it libben. Gjin ien komt ta de Heit behalven troch My” (Jehannes 14:6).

De honger die ‘t jo fiele is in spirituele honger, en it kin allinne folt wurde troch Jezus. Jezus is de ieniche die de tsjusternis fort kin litte gean. Jezus is de doar nei in befredigend libben. Jezus is de Freon en de Harder die jo socht ha. Jezus is it libben—yn dizze wrâld en yn de folgende. Jezus is de wei fan rêding!

De reden werom jo jo ropperich fiele, de reden dat it liket dat jo yn ‘t donker ferlern fiele, de reden dat jo gjin betekenis yn ‘t libben kinne fiene, is dat jo ferwidere fan God binne. De Bibel fertelt ús dat wy allen sûndige hawwe, en derom binne wy fan God ferwidere binne (Preker 7:20; Romeinen 3:23). De leechhied dy ’t jo in jo hert fiele is dat God yn jo libben mist. Wy binne makke om een relaasje mei God te hawwen. Troch ús sûnde, binne wy fan dy relaasje ferwidere. Sels noch minder; ús sûnde sil erfoar soargje dat wy foar de heule ivichhied fan God ferwiedere binne, in dit libben en yn it folgjend (Romeinen 6:23; Jehannes 3:36).

How kin dit problem oplost wurde? Jezus is de wei! Jezus hat ús sûnden op Him sels nom (2 Corinthiërs 5:21). Jezus hat Syn libben yn ús plak joen (Romeinen 5:8), hjirmei de straf nimmend die wy fertsjinje. Trije dagen letter, stie Jezus op fan ‘e deaden, wermei Hy Syn fjochtwinst oer de sûnde en de dea bewiesde (Romeinen 6:4-5). Werom die Hy dat? Jezus beantwurde die fraach Sels: “Der is gjin gruttere leafde dan dizze, dat hy syn libben jouwt foar syn freonen” (Jehannes 15:13). Jezus joeg syn libben, sadat wy kinne libje. As wy us geloof yn Jezus pleatse, Syn dea as de betelling foar ús sûnden fertrouwe, dan wurde al ús sûnden us ferjoen en weiwaske. Dan sil ús spirituele honger tefreden wêze. De ljochten sille oangean. Wy sille tagang ha ta in foldwaning skenkend libben. Wy sille ús beste Freon en goede Harder kinne. We sille witte dat wy in libben nei de dea ha-in opstien libben yn ‘e himel, foar yn ‘e ivichhied mei Jezus!

“Omdat God de wrâld sa leafhie dat Hy Syn ieniche Soan joeg, sadat elkenien dy ‘t yn Him leauwt net ferdwine sil mar it iviche libben sil ha” (Jehannes 3:16).

Hawwe jo it beslút foar Kristus make, troch wat jo hjir lêzen ha? As dat sa is, klik dan hjir op ûndersteande (Ik haw Kristus hjoeddei oannam) knop.

English



Wêrom nei de Fryske thús side

Wat is it plan fan rêding / manier fan rêding?
© Copyright Got Questions Ministries