settings icon
share icon
Antwurd


Wa is Jezus Kristus?

Fraach


Oars dan de fraach “Besteat God?” binne der eins net folle minsken die twivelje of Jezus Kristus bestie. It wurd algemien oannom dat Jezus wirklik in man wie dy ‘t 2000 ier lien in Israel op ‘e ierde rûnkuierde. It debat begjint as it ûnderwerp fan Jezus' folle identityd wurd bepreat. Hast elke grutte religy leart dat Jezus een profeet of in goede master wie of in goddelike man. It probleem is dat de Bibel us fertelt dat Jezus dúdlik mear dan in een profeet of in goede master of in goddelike man wie.

C.S. Lewis skriuwt it folgende in syn boek Mere Christianity (Sljochts Kristendom): “Ik besykje hjirre om te foarkommen dat guon it echt domme ding sizze dat noch wolris oer Him [Jezus Kristus] wurd sein: 'Ik bin klear om Jezus as in grutte morale master te oanfurdigje, mar ik oanfurdigje syn bewerring om God te wêzen net.' Dat is in ding dat wy net moatte sizze. Een man die sljochts in man wie en de soarte dingen sei dy Jezus sei, soe net in grutte morale master wêze. Hy soe miskien in gek wêze – op it nivo fan in man die seit dat hy in sierd aei is —of oars soe hy sels de divel fan ‘e hel wêze. Jo moatte jo karre mar meitsje. Dizze man wie, en is, of de Soan fan God, of oars in grutte gek of yts wat noch minder is. Jo kinne him as in gek opslúte, jo kinnen nei him spuie en him fermoardzje as in demon; of jo kinne him nei de fotten falle en him Hear en od neamme. Mar lit ús no net beskermende ûnsin betinke oer dat hy in grutte minsklike master wie. Hy hat die karre net iepen litten foar ús. Hy hie die bedoeling ek heulendal net.”

Dus, wa bewearde Jezus wa hie einliks wol wie? Wa seit de Bibel wa Hy einliks is? As earste, litte we ris nei Jezus’ wurden in Jehannes 10:30 sjen, “Ik en de Heit binne ien.” Op it earste momint mei dit miskien gjin bewearing lykje om God te wêzen, Mar sjoch dan ris nei de reaksjes fan de Joaden op dizze bewearing, “‘Wy stienigje dy net hjirre foar,’ antwurden de Joaden, ‘mar foar godslaster, omdatsto as sljochts in man, bewearest God te wêzen” (Jehannes 10:33). De Joaden begrepen Jezus’ bewearing as in bewearing om God te wêzen. Yn de folgende fersken, korrizjearet Jezus de Joaden nooit toch it sizzen, “Ik ha net sein God te wêzen.” Dit jouwt oan dat Jezus wirklik sei dat Hy God wie troch it sizzen fan, “Ik en de Heit binne ien” (Jehannes 10:30). Jehannes 8:58 is noch in oarfoarbyld : “‘Ik fertel jimme de wierhied,’ antwurde Jezus, ‘foardat Abraham wie geboaren, bin Ik!’” En noch ris, nammen de Joaden stiennen op om te besykjen Jezus te stienigjen (Jehannes 8:59). Jezus’ kundigde syn identityd oan as “Ik bin”, wat in direkte tapassing is fan de namme út it Âlde Testamint foar God (Exodus 3:14). Wêrom soeden de Joaden Jezus op ‘e nij stienigje wollen, as Hy net yts sein hie wat sy godslasterlik foenen, dus, in bewearing om God te wêzen?

Jehannes 1:1 seit “it Wurd wie God.” Jehannes 1:14 seit “it Wurd ward fleis.” Dit jouwt toch wol dúdlik oan dat Jezus God yn ‘e fleis is. Thomas de dissipel ferkleare nei Jezus, “Myn Hear en Myn God” (Jehannes 20:28). Jezus korrizjeare him net. De apostel Paulus hat Him as, “…ús grutte God en Rêder, Jezus Kristus” (Titus 2:13) beskriuwt. De apostel Petrus seit itselde , “…ús God en Rêder Jezus Kristus” (2 Petrus 1:1). God de Heit is ek in tsjûge fan Jezus’ folle identityd, “Mar oer de Soan seit Hy, ‘Jo troan, O God, sil foar ivich en altiid duorje, en oprjochthyd sil de scepter fan jo keninkryk wêze.’” Âlde testamint profesijes fan Kristus dy ‘t Syn godlikens ferkondigt, “Omdat foar ús in bêrn is geboaren, oan ús is in soan joen, en de regearring sil op syn skouders wêze. En Hy sil de Prachtiche Adviseur neamt wurde, Almachtige God, Iviche Heit, Prins fan Frede” (Jesajah 9:6).

Dus, sa as C.S. Lewis al beargumentiere, it leauwen dat Jezus allinne in goede master wie is gjin karre. Jezus bewearre dúdlik en sûnder fragen God te wêzen. As Hy net God is, dan is Hy in leagener, en dêrom gjin profeet, goeie master, of godlike man. Yn it besykjen om de wurden fan Jezus’ wurden nietich te meitsjen, bewearre moderne “wittenskippers” dat de “wirklike histoaryske Jezus” net sa folle dingen sei dy yn ‘ Bibel oan Him binne tawezen. Wa binne wy om it wurd fan God te betwivelje oer wat Jezus sei of net sei? Hoe kin in “wittenskipper” dy twa tûzen ier fan Jezus ferwydere is in better insicht ha yn wat Jezus sei of die dan dejinen die mei Jezus libben ha, Him tsjinne ha en die sels troch Jezus wurden ûnderrjocht (Jehannes 14:26)?

Wêrom is de fraach oer de wirklike identityd fan Jezus’ sa belangryk? Wêrom makket it wat út of Jezus al dan net God is? De belangrykste reden dat Jezus God wêze moat is dat as Hy God net is, Syn dea net genôch soe wêze foar de sûnden fan ‘e heule wrâld (1 Jehannes 2:2). Allinnich God soe sa ’n ûneinige straf betealje kinne (Romeinen 5:8; 2 Corinthiërs 5:21). Jezus moast God wêze, sadat Hy ús skulden betealje koe. Jezus moast man wêze sadat Hy koe stjerre. Ferlossing is alllinich troch geloof yn Jezus Kristus te krijen. Jezus’ godlikens is de ieniche wei nei ferlossing. Jezus’ godlikens is wêr Hy bewearre, “Ik bin de wei en de wierhied en it libben. Gjin ien komt nei de Heit, behalven troch My” (Jehannes 14:6).

English



Wêrom nei de Fryske thús side

Wa is Jezus Kristus?
© Copyright Got Questions Ministries