settings icon
share icon
Antwurd


Is Jezus God? Hat Jezus oait sein dat Er God is?

Fraach


Jezus hat folgens de Bibel noait in dizze presiise wurden sein, “Ik bin God.” Mar dat betsjuttet iegentlik net dat Hy sein hat dat Er God net is. Nim bygelyks de wurden fan jezus yn Jehannes 10:30, “Ik en de Heit binne ien.” Wy hoege allinich mar nei de reaksje fan de Joaden op dizze bewearing te sjen om te witten dat Hy bewearde God te wêzen. Se besochten om Him te stiennigje foar dizze reden. “… do, as in gewoane man, bewearest God te wêzen ” (Jehannes 10:33). De Joaden begrepen krekt wat Jezus bewearre—godlikens. Merk op dat Jezus net ûntkent dat Hy God is. Toen Jezus bewearre , “Ik en de Heit binne ien” (Jehannes 10:30), sei Hy dat Hy en de Heit fan ien natuer en essinsje binne. Jehannes 8:58 is in oar foarbyld. Jezus ferklearre, “Ik fertel jimme de wierheid, foardat Abraham geboaren wie, Ik bin!” It antwurd fan de Joaden die dizze ferklearing oanhjearden wie om stiennen te nimmen om Him te fermoardzje foar hillichskennis, lykas de Mosaïske Wet harren befoel (Leviticus 24:15).

Jehannes herhellet it konsept fan Jezus’ godlikens: “it Wurd wie God” en “it Wurd wurde fleis” (Jehannes 1:1, 14). Dizze fersken jouwe oan dat Jezus God yn ‘e fleis is. Handelingen 20:28 fertelt ús, “Wês de harders fan de tsjerke fan God, dy Hy mei Syn eigen bloed kocht hat.” Wa kocht die tsjerke—de tsjerke fan God—mei Syn eigen bloed? Jezus Kristus. Acts 20:28 ferklearret dat God Syn tsjerke mei Syn eigen bloed kocht. Dêrom is Jezus God!

Thomas de dissipel ferklearre omtrint Jezus, “Myn Hear en myn God” (Jehannes 20:28). Jezus korrizjeare him net. Titus 2:13 moedigt ús oan om te wachtsjen op de komst fan God en Rêder, Jezus Kristus (sjoch ek 2 Petrus 1:1). Yn Hebreeuwen 1:8, ferklearret de Heit oer Jezus, “Mar oer de Soan seit er, Jo troan, O God, sil foar ivich en altyd duorje, en rjochtskepenhyd sil de scepter fan jo keninkryk wêze’” De Heit refereart nei Jezus as “O God”, wat oanjout dat Jezus yndied God is.

Yn Iepenbieringen drage in ingel de apostel Jehannes op om allinne God te oanbidden (Iepenbiering 19:10). Ferskillende kearen in ‘e Bibel krijt Jezus oanbidding (Matteus 2:11, 14:33, 28:9, 17; Lukas 24:52; Jehannes 9:38). Hy straft noait minsken omdat se Him oanbidde. As Jezus net God soe wêze, soe Hy minsken ferteld ha om net Him te oanbidden, krekt sa as de ingel in Iepenbieringen die. Der binne in prôtte oare fersken en dielen fan ‘e Bibel die foar Jezus’ godlikens argumintere.

De belangryskte oarsaak dat Jezus God moat wêze, is dat as Hy net God is, dan soe Syn dea net genoch wêze om de straf foar alle sûnden yn ‘e wrâld te betealjen (1 Jehannes 2:2). In makke wêzen, wat Jezus wêze soe as Hy net God wie, soe de ûneinige straf net kinnen betealje, die ferlangd is foar sûnden tsjin in ûneinige God. Allinne God soe in ûneinige straf betealje kinne. Allinne God soe de sûnden fan ‘e wrâld nimme kinne (2 Corinthiërs 5:21), deagean, en wer opstean, en dermei it bewiis leverje foar Syn fjochtwinst oer sûnde en dea.

English



Wêrom nei de Fryske thús side

Is Jezus God? Hat Jezus oait sein dat Er God is?
© Copyright Got Questions Ministries