settings icon
share icon
Antwurd


Ik haw krekt myn fertrouwen yn God stelt…wat no?

Fraach


Felisiteare! Jo hawwe in libbensferoarend beslút nom! Miskien freegje jo jo sels no lykwols ôf, “wat no? Hoe begjin ik myn reis mei God?” De fiif ûndersteande stappen jouwe jo rjochting út ‘e Bibel. As jo noch mear fragen ha op jo reis, gjin dan nei: www.GotQuestions.org/Frysk.

1. Wês er seker fan dat jo ferlossing begripe.

1 Jehannes 5:13 fertelt ús, “Ik skriuw dizze dingen oan jimme, die leauwe yn de name fan de Soan fan God, sadat jimme meie witte dat jimme it iviche libben hawwe.” God wol dat wy ferlossing begripe. God wol dat wy it fertrouwen ha om seker te witten dat wy rêdden binne. Lit ús yns koart oer de wichtigste punten fan ferlossing gean:

(a) Wy ha allen sûndige. Wy ha altemaal dingen dien die God net goed fynt (Romeinen 3:23).

(b) Troch ús sûnden, fertsjinje wy om straft te wurde mei iviche ferwidering fan God (Romeinen 6:23).

(c) Jezus stjerde oan it krús om de straf foar ús sûnden te betealje (Romeinen 5:8; 2 Corinthiërs 5:21). Jezus stjerde in ús plak, dermei de straf te nimmen dy wy fertsjinden. Syn opstean bewize dat Jezus’ dea genôch wie om foar ús sûnden te betealje.

(d) God jouwt ferjouwenis en ferlossing oan altemaal dy harren fertrouwen yn God pleatse – Syn dea fertrouwe as de betetelling foar ús sûnden (Jehannes 3:16; Romeinen 5:1; Romeinen 8:1).

Dat is de boadskip fan ferlossing! As jo jo fertrouwen yn Jezus Kristus as jo Rêder pleatst ha, dan binne jo rêd!

Al jo sûnden wurre jo ferjûn, en God belooft om jo noait te ferlitten of te fersaakjsen (Romeinen 8:38-39; Mattheus 28:20). Ûnthâld dat jo ferlossing feilich yn Jezus Kristus is (Jehannes 10:28-29). As jo yn Jezus allinich as jo Rêder fertrouwe, kinne jo fertrouwen ha dat jo ivichheid mei God yn ‘e himel trochbringe sille!

2. Fyn in goede tsjerke die de Bibel ûnderricht.

Tink net oer de tsjerke as in gebou. De tsjerke, dat binne de minsken. It is heul belangryk dat leauwers yn Jezus Kristus freonskip mei elkinoar ha. Dat is ien fan de basisdoelen fan de tsjerke. No jo jo fertrouwen yn Jezus Kristus pleatst ha, moedigje wy jo sterk oan om in Bibel-leauwende tsjerke te fine yn jo regio en ris mei de dumny te sprekken. Lit him mar witte oer jo nije fertrouwen yn Jezus Kristus.

In twadde doel fan de tsjerke is om de Bibel te ûnderwizen. Jo kinne leare hoe jo de ynstruksjes fan God yn jo libben ta kinne passe. De Bibel begripe is de kaai om in suksesryk en krêftich Kristelyk libben te hawwe. 2 Timotheus 3:16-17 seit, “De heule Bibel is beämje troch God en is nuttich om te ûnderwizen, ôf te karje, te korrizjearje en om te trene in rjochtskepenheid, sadat de man fan God degelik útrêste is foar elk goed wurk.”

In tredde doel fan ‘e tsjerke is te oanbidden. Oanbidden is it betankje fan God foar alles wat Hy dien hat! God hat ús rêde. God hâld fan ús. God foarsjut foar ús. God begeliedet ús en jouwt ús rjochting. Hoe kinne wy Him net betankje? God is hillich, oprjocht, leafderyk, genadich, en fol mei graasje. Iepenbieringen 4:11 ferklearet, “Jo binne wurdig, ús Hear en God, om gloarje en eare en krêft te ûntfange, omdat Jo alle dingen make ha, en troch Jo wil binne se makke en ha se harren bestean.”

3. Reservearje elke dei tiid om jo op God te konsintrearje.

It is botte wichtig foar ús dat wy ús elke dei op God konsintrearje. Guon lju neame dit in “stille tiid.” Oaren nimme it “tawijingen”, omdat it in tiid is dat wy ús sels ta God wije. Guon minsken jouwe er de foarkeur oan om dit moarns te dwaan, tewyl oaren dit yn de juontiid dôgge. It makket neat út hoe jo dizze tiid neame of wannear jo ‘t dit krekt dôgge. Wat wol belangryk is, is dat jo regelmjittich tiid oan God bestede. Hokfoar dingen dôgge wy yn ús tiid mei God?

(a) Gebed. Gebid is simpelwei prate mei God. Praat mei God oer jo soarchen en jo problemen. Freegje God om jo wiisheid en begelieding te jaan. Freegje God om yn jo behoeftes te foarsjen. Fertel God hoe folle jo fan Him hâlde en hoefolle jo alles wat Hy foar jo dot wurdearje. Dat is wêr ‘t mei it gebed einliks om draait.

(b) Lês de Bibel. Neist it learje fan ‘e Bibel yn ‘e tsjerke, sneinskoalle, en/of Bibel stúdzjes – moatte jo de Bibel foar jo sels lêze. De Bibel befettet alles dat jo witte moatte om in suksesfol Kristustelik libben te libjen. It befettet de begelieding fan God om wize beslúten te meitsjen, hoe efter God’s wil te kommen, hoe oaren te fersoargjen, en hoe spiritueel te groeie. De Bibel is God’s Wurd foar ús. De Bibel is essinsjeel God’s instruksje foar hoe ús libben sa te libjen dat it Him befalt en dat it foar ús befredigend is.

4. Ûntwikkelje relaasjes mei minsken die jo spiritueel kinne helpe.

1 Corinthiërs 15:33 fertelt ús, “Lit jo net misliede: ‘Min selskip bedjerret goed karakter.’” De Bibel is fol mei warskôgingen oer de ynfloed die “minne” minsken op ús kinne ha. Tiid trochbringe mei guon die ‘ t sûndig beuzich binne sil ús ferliede ta sokke aktiviteiten. It karakter fan dejingen dy ’t om ús hinne binne sol syn effect op ús ha. Dêrom is it sa belangryk om ús te omjaan mei minsken dy ‘t de Hear leafha en dy ‘t him tagedien binne.

Besykje in freon of mear te finen, miskien fan jo tsjerke, die jo kinne helpe en oanmoedigje (Hebreeuwen 3:13; 10:24). Freegje jo freonen om jo rekkenskip te jaan wat jo stille tiid, jo aktiviteiten, en jo wanneling mei God oanbelanget. Freegje of jo itselde foar harren dwaan kinne. Dit betsjuttet net dat jo al jo freonen dy ‘t de Hear Jezus net as harren Rêder kinne moatte opjaan. Wês noch stees harren freon en hâld fan harren. Lit har simpelwei witte dat Jezus jo libben feroare hat en dat jo net alle dingen kinne dwaan die jo foarearst oars wol die. Freegje God om jo kânsen te jaan om Jezus mei jo freonen te dielen.

5. Wês dope.

In heule soad minsken hawwe net goed begriipen wat dopen is. It wurd “dopen” betsjuttet yn wetter onderdompelje. Dopen is de Biblyske manear om publykelik jo nije geloof in Kristus út te sprekke en ek jo tasizzing om Him te foalgjen. De aksje om yn wetter onderdompele te wurden yllustrearet mei Kristus begrave wurde. De aksje fan út it wetter komme lit it opstean fan Kristus sjen. Dope wurde is jo sels mei Jezus’ dea, begraffenis, en opstean identifisearje (Romeinen 6:3-4).

It dopen is net wat jo rêdt. Dopen wasket jo sûnden net wei. Dopen is simpelwei in stap fan lústerje nei Ien, een publykele útspraak fan jo leauwe yn Kristus allinne foar ferlossing. Dopen is belangryk omdat it in stap fan fan lústerje nei Ien – publykelik fertrouwen yn Kristus ferklearje en jo tasizzing oan Him. As jo klear binne om te wurden doopt, soeden jo ris mei in dumny sprekke kinne.

English



Wêrom nei de Fryske thús side

Ik haw krekt myn fertrouwen yn God stelt…wat no?
© Copyright Got Questions Ministries